Beschrijving
John Bakkenhoven, 4 manlju en 4 froulju, oerset troch Abele Krist.
€0,00
As sportlearaar Jip Wiegant tinkt dat hy in goed idee hat, heart hy yn syn holle in beltsje rinkeljen. Hy docht dan in soart Indianedûns en ropt: De Belle. De Belle. Yn dit blijspul docht hy dat faak. Hy kriget ommers mei faasje mei nuver problemen te krijen wêrfoar hy like nuvere oplossingen betinkt. Ta ûntsetting fan eltsenien dy`t der by belutsen rekket. It earste probleem ûntstiet as Jip syn oansteande skoanheit, Neutje, yn in grêft springt, omdat hy tinkt dat hy troch syn strange dochter Myléne op dronkenskip betrape wurde sil. Jip en syn âlde skoallefreon Klo, in begjinnende psychoterapeut, nimme Neutje mei nei it hûs fan Klo om dêr droege klean oan te lûken.
It toanielstik begjint as it span de sprekkeamer fan Klo ynkomt. Alle trije binne harren oant ferklaaien as Yvonne Meslier der ynkomt, de assistinte en ferloofde fan Klo. Sadree se Jip sjocht, wurdt se lilk. Sy en Jip binne ferloofd west. Sy hat de ferloving ferbrutsen, nei`t Jip har oerhelle hie ta in frijpartij yn in gymnastykseal wêr`t se troch Yvonne`s muoike betrape waarden. Sy tinkt dat Jip har noch altyd efterfolget en dat hy har mei in ferlechje oan Klo optwongen hat. Yn har lilkens smyt se Jip seis Sineeske komkes nei de holle. Neffens Klo binne dat kostbere stikken antyk dy`t hy fan syn mem lient hat. De skatte skea: tweintichtûzen euro. It slimste is dat Klo syn mem, Linda, de komkes meikoarten wer ophelje sil. Sy en Klo hawwe bargebiten. Se seit gjin wurd mear tsjin him. Jip fynt in oplossing foar it probleem. Hy hat fan Myléne tweintichtûzen euro krigen om harren houliksreis te beteljen. Dy lient hy oan Klo om oare komkes te keapjen. Syn houliksreis is pas oer trije moanne yn dizze tiid moat Klo as psychoterapeut sa`n bedrach wol fertsjinje kinne. Neutje seit dat hy de brutsen komkes wol reparearje sil mar Jip set syn plan troch. Neutje hat ek in idee; hy giet nei syn dochter, Myléne fertelle dat hy him troch Klo foar syn dronkenskip behannelje lit. Spitich blykt Jip syn plan yn it wetter te falles as blykt dat Klo fan kjellens syn stim kwyt rekke is. Hy sil foar in lange tiid gjin pasjinten behannelje kinne. Mar wer hat Jip in oplossing: hy sil, mei masker, Klo syn plak ynnimme en de pasjinten neffens Klo syn skriftlike oanwizingen fan harren problemen ôfhelpe. Wilens is Neutje syn nije freondinne oankommen: Linda ten Havezate, de mem fan Klo. Dat lêste wit nimmen, útsein Klo, mar dy kin net prate. Linda sels makket ek nimmen wizer en negearret Klo hielendal. De oare moarn behannelt Jip neffens plan Klo syn earste pasjint: in man dy`t tinkt dat hy in hûn is. Jip docht dat mei sukses, mar op sa`n frjemde wize dat hy der gjin jild foar kriget. De oare saneamde pasjint is Neutje. Jip moat krekt dwaan as of hy Neutje echt behannelt, want Myléne is mei har heit meikommen. Trochdat Jip him ferpraat, ûntmaskert Myléne him al gau. Sy wurdt poerlilk, en lêst Jip it mannewaar op, mar soarget der ek foar dat Klo wer prate kin. No blykt ek dat Linda Klo syn mem is. Sels wurdt Myléne nuet makke troch Yvonne dy op it lêst dochs wer de kant fan Jip kiest. Linda ferteld dat de brutsen Sineeske komkes goedkeape neimakke antyk wiene en Myléne keapet echte antike Sineeske komkes foar fiif en tweintichtûzen euro. Linda helpt Neutje fan syn drankproblemen ôf. Klo en Myléne reitsje fereale op elkoar en Jip en Yvonne foarmje wer in spantsje. Op it lêst kriget Jip syn lêste bel idee; hy lit it doek ticht gean.
Problemen……..As Jip yn syn holle in beltsje rinkeljen heart, hat hy foar elts probleem in hiel bysûndere oplossing. Útsein foar de wurge kaken fan it publyk yn`e seal.
Dekor:
It stik spilet him ôf yn ‘de no tiid. Der is mar ien lokaasje; de sprekkeamer fan psycholooch Klo ten Havezate. Moderne ynrjochting. Der moatte in buro, rêstbank, stuollen, kastke mei seis Sineeske komkes der op, kuolkast yn in meubel, tierelantijnen. Tsjin de efterkant in grutte spegel. Oan de muorren hingje inkele maskers fan primitive folken. Der binne trije doarren; ien yn de efterkant nei de gong, ien nei de badkeamer, ien yn de kant dy`t it fierst fan de rêstbank is. Op it buro leit in skriuwblok, pinne en in filtstift, slûven ensf.
John Bakkenhoven, 4 manlju en 4 froulju, oerset troch Abele Krist.
Leeftijd bezetting | |
---|---|
Genre | |
Auteur | |
Duur | |
Aantal heren | |
Aantal dames |
Toneeluitgeverij Grosfeld
Raadhuisplein 18
5258BJ Berlicum
Tel 073-503 12 51
E-mail info@toneeluitgeverijgrosfeld.nl
Indien we niet opnemen, spreek dan een bericht in en u wordt teruggebeld
Openingstijden
Maandag t/m vrijdag
9:30 t/m 16:30 uur
Deze site maakt gebruik van cookies. Door verder te surfen op de site gaat u akkoord met ons gebruik van cookies.
AccepterenInstellingenWe kunnen vragen om cookies op uw apparaat te plaatsen. We gebruiken cookies om ons te laten weten wanneer u onze websites bezoekt, hoe u met ons omgaat, om uw gebruikerservaring te verrijken en om uw relatie met onze website aan te passen.
Klik op de verschillende rubrieken voor meer informatie. U kunt ook enkele van uw voorkeuren wijzigen. Houd er rekening mee dat het blokkeren van sommige soorten cookies van invloed kan zijn op uw ervaring op onze websites en de services die we kunnen bieden.
Deze cookies zijn strikt noodzakelijk om u diensten aan te bieden die beschikbaar zijn via onze website en om sommige functies ervan te gebruiken.
Omdat deze cookies strikt noodzakelijk zijn om de website te leveren, heeft het weigeren ervan invloed op het functioneren van onze site. U kunt cookies altijd blokkeren of verwijderen door uw browserinstellingen te wijzigen en alle cookies op deze website geforceerd te blokkeren. Maar dit zal u altijd vragen om cookies te accepteren/weigeren wanneer u onze site opnieuw bezoekt.
We respecteren volledig als u cookies wilt weigeren, maar om te voorkomen dat we u telkens opnieuw vragen vriendelijk toe te staan om een cookie daarvoor op te slaan. U bent altijd vrij om u af te melden of voor andere cookies om een betere ervaring te krijgen. Als u cookies weigert, zullen we alle ingestelde cookies in ons domein verwijderen.
We bieden u een lijst met opgeslagen cookies op uw computer in ons domein, zodat u kunt controleren wat we hebben opgeslagen. Om veiligheidsredenen kunnen we geen cookies van andere domeinen tonen of wijzigen. U kunt deze controleren in de beveiligingsinstellingen van uw browser.
We gebruiken ook verschillende externe services zoals Google Webfonts, Google Maps en externe videoproviders. Aangezien deze providers persoonlijke gegevens zoals uw IP-adres kunnen verzamelen, kunt u ze hier blokkeren. Houd er rekening mee dat dit de functionaliteit en het uiterlijk van onze site aanzienlijk kan verminderen. Wijzigingen zijn pas effectief zodra u de pagina herlaadt
Google Webfont Instellingen:
Google Maps Instellingen:
Google reCaptcha instellingen:
Vimeo en Youtube video's insluiten:
U kunt meer lezen over onze cookies en privacy-instellingen op onze Privacybeleid-pagina.
Privacybeleid