Beschrijving
Rob Heemskerk, klucht/komedie 5/6 froulju en 3/4 manlju
Fryske oerset troch: Griet reitsma-de Jong
Koarte ynhâld.
Pake (Philip van Es), in hiele rike en gjirrige man, wennet yn in wat ‘ûnhuer’ âldereintehûs. Syn trije dochters kinne him net luchtsje of sjen. Oarsom is it ek sa, want de leafde foar syn dochters is fier te sykjen. De dochters binne op syn jild út en betinke wol in hiel bretaal middel om dat te pakken te krijen.
Ek rint der in ferpleechster mei foar de âldsjes net sûne ideeën om. Pake wurdt bystien troch buorfrou Klaske en haadkommissaris Petra, hoewol’t sy oars is as se har foardocht.
Pake sels is bûtengewoan by de pinken en mei help fan Klaske spylje se in spultsje dat der foar soargje moat dat net ien in sint fan him te pakken krijt. Mar of harren plan wurket?
Dit stik, skerp fan tekst en mei in soad komyske, ferwarrende en ûnnoazele situaasjes, soarget foar in ûntspannen jûntsje fuort.