Beschrijving
Patatsje Oarloch
Oan de râne fan it bosk fan boskwachter Bob stean twa patatkreamen. De iene wurdt rund troch Patricia en Angela, de oare troch Evert en syn frou Marie-Claire. Dat giet poerbêst oant in amtner fan de gemeente mei de meidieling komt dat ‘ fanwege in wiziging yn it bestimmingsplan ’ ien kream slute moat. Bob is fêste klant fan beide kreamen en hellet geregeld in lekker hapke. Syn heechswangere dochter Karlijn sjocht dit mei lege eagen oan en hopet dat Bob mei de poppe op komst sûner libje wol. Marie-Claire wol mei har patatkream op de moderne toer en hat grutte plannen. Se wurdt hjirby holpen troch Jean-Claude, in eksintrike Frânsman. Se wolle “ Vegan” hapkes ferkeapje, wylst Evert it leafst bitterballen bakken bliuwt. Ron, de man fan Angela, is te lui om te wurkjen en klaget en seurt oan ien tried wei troch. Alles docht him sear en hy lit Angela alles foar him opknappe. Oant Ron in wol hiel bysûnder beslút nimt! Dat alles soarget foar in wier ‘patatsje’ oarloch. Keart de frede werom yn ‘e bosk? Hokker kream sil as winner út de bus komme?